uitgelicht_logopedie_2.jpg Cursussen
2011-2012

Meldt u nu aan...  
Lees meer...
.. brochure po 2011-voorkant.jpg

Brochure
2011-2012

Voor primair onderwijs
Aanvragen

Topmenu_VO_01.jpg
Taal VO
Taal VO

Frysk yn it fuortset underwiis

Sicht op Frysk: prachtich en ryk oan fariaasje

Taalsintrum Frysk (TF) fersoarget de begelieding fan dosinten en skoallieders yn it fuortset ûnderwiis op it mêd fan it Frysk. Dêrby giet it net allinne om it fak Frysk, mar ek om fiertaal Frysk by oare fakken en it taalbelied fan de skoalle. Taalsintrum Frysk is de driuwende krêft efter it projekt Meartalich Fuortset Underwiis (MFU), wêrby’t lessen jûn wurde yn it Nederlânsk, Ingelsk en Frysk.


Ynhâld

Taalsintrum Frysk stipet dosinten Frysk om op goede wize ynhâld te jaan oan harren fak. Dêrby kin it gean om de ymplemintaasje fan lesmaterialen (byg. de metoade Freemwurk en it blêd LinKk), mar ek om it oandragen fan goede foarbylden en súksesfolle projekten fan oare skoallen. Dêrnjonken advisearret Taalsintrum Frysk direksjes by it belied oangeande it Frysk, de ynfiering fan it fak Frysk yn alle learjierren fan it fuortset ûnderwiis en it opsetten fan in meartalige stream yn it ramt fan it MFU-projekt. Taalsintrum Frysk wurket yn opdracht fan de Provinsje Fryslân en dêrom binne de begeliedingsoeren fergees. Taalsintrum Frysk harket lykwols earst nei de ferlangsten út it ûnderwiisfjild en stribbet nei maatwurk.

Frysk yn it fuortset ûnderwiis is foar:

- dosinten Frysk en skoallieders
- dosinten fan oare fakken dy’t it Frysk as fiertaal brûke wolle

Mear witte, of ha jo leaver maatwurk?

Taalsintrum Frysk, Dit emailadres is beveiligd tegen spambots, u heeft javascript nodig om het te kunnen bekijken
Tel: 088 0200 300